Soad lof foar Lieuwe Westra

09 mrt 2012 - 15:30
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra (29) fan De Tynje liket op wei nei in sensaasje. Tongersdei pakte hy op fantastyske wize de oerwinning yn de swierste berchetappe fan Parys-Nice. Westra wie in pear jier lyn noch strjitmakker, mar heart no neffens kenners yn ien klap by de wrâldtop.

De sportkranten steane fol ferhalen oer 'Lieuwe het beest'. Westra hat dy bynamme te tankjen oan syn oanfallende styl fan riden. Ek de famylje fan Westra yn Fryslân folget de prestaasjes fan Lieuwe op de foet. Snein is de finale fan Parys-Nice mei in tiidrit berchop.

En de tiidrit is in spesjalisme fan Westra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)