'Soad lânbouferkear net goed'

23 nov 2010 - 10:14
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Santich persint fan it lânbouferkear dat de plysje de ôfrûne tiid kontrolearre hat, foldocht net oan de easken. Hast ien op de trije krige in bekeuring of in warskôging. De measten hiene gjin ôfknotte trijehoeke of de lampen stikken.

De plysje kontrolearret de lêste jierren ekstra op lânbouferkear. Dat bart yn spesjale perioades by 't maitiid en by 't hjerst. Doel is om de feiligens foar it ferkear te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)