Soad krystfersiering brânfeilich

19 des 2003 - 00:00

De brânwacht yn Fryslân is goed te sprekken oer de brânfeiligens fan de krystfersiering yn hoareka en iepenbiere gebouwen. De brânwacht kontrolearret dêr op mei stekproeven.

Sûnt de ramp yn Volendam binne der strange regels foar krystfersiering. Krystguod moat ympregneard en brânfeilich wêze. Guod dat net yn oarder is moat binnen in dei behannele wêze. Neffens de brânwacht is de sitewaasje better as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)