Soad kokkels yn Waadsee

20 sep 2012 - 12:26

Yn de Waadboaiem sitte op 't heden in hiel soad kokkels. Dat makket natoerbehearder Natuurmonumenten bekend nei oanlieding fan sifers fan ûndersyksynstitút Imares. Foar fûgels dy't ûnderweis binne nei it suden foar de winter is der mear as genôch te fretten. Foaral eidereinen, strânljippen en steltrinners lykas de mients binne gek op de skulpdieren.

Jierrenlang gie it hiel min mei de kokkel yn it Waad. De meganyske kokkelfiskerij mei grutte skippen krige dêr de skuld fan. Dat mei no net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)