Soad knappe barmanlju en barfroulju yn Fryslân

05 nov 2015 - 15:44

Fryslân hat in soad knappe barmanlju en -froulju. Mar leafst fjouwer Fryske barmannen steane yn de earste kalinder dy't Misset Horeca dit jier útjout. Yn de kalinder steane tolve Bar Hunks en Bar Babes út hiel Nederlân.

Fryslân is goed fertsjintwurdige mei Jeffrey Heilbron fan Het Gerecht fan It Hearrenfean, Wieger van der Veen en Youri Pel fan bar Shooters út Ljouwert en Tim fan de Toxbar op Skier. Ek is der in Fryske Bar Babe: Manon van Zomeren fan Grand Café Bilgaard.

It is de earste kear dat Misset Horeca in kalinder útjout mei barmannen en -froulju. Doel is om de minsken achter de bar yn it sintsje te setten. Der waarden hûnderttûzenen stimmen útbrocht. "De reacties waren boven verwachting", lit Joop Uitendaal, útjouwer fan Misset Horeca, witte. Yn de kommende wiken wurde alle barmanlju en -froulju op in 'gewaagde' wize op de foto setten. De kalinder is fan jannewaris ôf te bestellen op de webside fan Misset Horeca.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)