Soad klachten oer lûdsoerlêst

12 mrt 2006 - 17:55

It tal klachten oer lûds- en stankoerlêst yn Smellingerlân is ferline jier bot tanommen. Yn 2005 binne der 135 klachten yntsjinne by de gemeente, it jier dêrfoar mar 47.

De measte klachten hawwe te krijen mei lûdsoerlêst fan horekabedriuwen en grutte eveneminten. Opfallend is fierder it grutte tal klachten oer lûdsoerlêst fan stuntfleantugen by de airstrip fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)