Soad klachten oer fjoerwurk

07 jan 2013 - 10:10
  • Fjoerwurk

Yn Ljouwert binne 586 klachten oer fjoerwurk binnenkaam by it meldpunt fan GrienLinks. Fierwei de measte meldings wienen foar it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk en foar lûde knallen fan fjoerwurkbommen. De riedsfraksje fan GrienLinks yn Ljouwert wol dat b. en w. de regels better hânhavenje.

Al binne yn Ljouwert en Goutum sintrale fjoerwurkeveneminten, dochs fynt de partij dat der in protte oerlêst is. GrienLinks freget him ôf oft der feitlik sprake is fan in 'gedoochbelied'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)