Soad klachten oer fjoerwurk

29 des 2012 - 09:27
  • Fjoerwurk

Hûnderten Friezen hawwe belle mei it meldpunt foar fjoerwurkoerlêst fan GrienLinks. Benammen Ljouwerters hawwe in soad oerlêst fan fjoerwurk dat te betiid ôfstutsen wurdt. De meldingen komme út de hiele stêd, mar foaral út Bilgaard en Aldlân.

Ek út Hearrenfean, Smellingerlân en Achtkarspelen komme in soad klachten. De grutste oerlêst komt troch hurde knallen yn de nacht. GrienLinks ropt minsken op om it fjoerwurk allinnich mei de jierwiksel ôf te stekken. De plysje soe mear tafersjoch hâlde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)