Soad keunstwurken nei Gordyk

10 feb 2011 - 12:24

De keunstkolleksje fan Ko van de Ree is yn Fryslân. De keunstner is lêsten stoarn. Hy liet in grutte kolleksje fan mear as tûzen skilderijen, bylden en tekeningen nei.

Van de Ree koe net sa goed mei krityk omgean, eksposearre dêrom net al te faak en bewarre hast alles thús, yn Nuenen. Om de keunststikken te behâlden hat syn dochter alles fan Brabân nei De Gordyk helle, dêr't se wennet. Sy is fan plan om it wurk te eksposearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)