Soad katten yn diere-asyls

15 jul 2010 - 15:54
  • Foto: Omrop Fryslân

De Fryske diere-asyls hawwe it mei it begjin fan 'e simmerfakânsje wer smoardrok. Minsken litter harren hûn of kat faak rinne mei de fakânsje. Mar it grutste probleem foarmje de jonge katsjes dy't binnenbrocht wurde. Faak wurde komplete nestjes yn in doaze op strjitte fûn. Dêr komt dit jier noch by, dat minsken hast net mear delkomme om in katsje op te heljen.

It asyl yn Ljouwert hat oer de 130 katten yn de opfang. Dêrfan binne hast 60 jonger as in heal jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)