Soad karavans ôfkard yn Harns

22 apr 2007 - 12:59

By in grutte karavankontrole yn Harns is sneon mear as de helte fan de karavans ôfkard. In wurdfierder fan VVN fynt it resultaat teloarstellend. Der wiene in soad karavans mei minne bannen of minne ferljochting. Ien karavan hie sels in skuor yn it sjassys.

De kontrole yn Harns wurdt al in pear jier hâlden. Diskear diene der likernôch 45 karavans mei, fan trije jier en âlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)