Soad kantoaren stean leech

21 feb 2013 - 16:38
  • Leech kantoargebou oan de Oostergowei yn Ljouwert

De kantoaremerk yn Fryslân sit noch hieltyd yn swier waar. Yn 2012 naam de leechstân fierder ta fan 102.000 kante meter oant mear as 116.000 kante meter, sa'n 12 kear de Achmea toer. No stiet 12% fan de totaal beskikbere kantoarromte yn Fryslân leech of te hier. Dat is min, mar wol krekt wat better as de lanlike leechstân dy't op 16% leit.

Neffens Rudolf Bak, merkûndersiker by de lanlike makelersferiening NVM, hawwe oplossings lykas in sloopregeling oant no ta gjin fertuten dien. De ein fan de ellinde is noch net yn sicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)