Soad kandidaten foar Wetterskip

25 mrt 2004 - 00:00

Mear as tûzen minsken ha de ôfrûne tiid in ynformaasjepakket oanfrege oer in bestjoersfunksje by it nije Wetterskip Fryslân. Dêrfan ha sa'n twahûndert minsken har úteinlik kandidaat steld foar ien fan de funksjes yn it Algemien Bestjoer.

De nije ferkiezingen binne needsaaklik om't de seis Fryske wetterskippen fan 1 jannewaris ôf ien Wetterskip Fryslân foarmje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)