Soad kaden skansearre

15 mrt 2011 - 14:29

It tal mankeminten dat Wetterskip Fryslân by de ynspeksje fan 3200 kilometer kaden fûn hat, is foars omheech gien. By deselde ynspeksje ferline jier waarden 170 problemen fûn; dit jier binne it der hast 270.

Dit betsjut net dat de diken in stik minder wurden binnen, seit deistich bestjoerslid Roel de Jong fan Wetterskip Fryslân. Neffens him is it wetterskip kritysker wurden op de tastân fan de kaden. Earder mankeminten oanpakke kin jild besparje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)