Soad jonge greidefûgels en aaien wurde opfretten

28 maaie 2015 - 12:00
  • Leechfretten aai

It tal fûgels dat opfretten wurdt troch rôfdieren is dit jier eksplosyf omheech gien yn Fryslân. By greidefûgels is it yn guon gebieten wol 70 prosint. Yn de jierren dêrfoar wie dat tusken de 10 en 25 prosint. Fûgelwachtbûn BFVW sprekt fan sifers om kjel fan te wurden.

De mûzepleach fan earder dit jier liket de oarsaak te wêzen fan de grutte taname fan it tal leechfretten nêsten. Troch it grutte tal mûzen binne der ek folle mear saneamde 'grûnpredatoaren' lykas murden, harmelings, wezelings en stienmurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)