Soad jirpels foar Voedselbank

06 nov 2008 - 10:01

De Voedselbank fan Ljouwert sit de kommende tiid rom yn de jirpels. De tradisjonele ynsammeljûn fan de Protestânske gemeente yn Kollum smiet woansdei goed 400 kilo jirpels op.

Leden fan dy gemeente krigen yn maart by de Biddei in setjirpel. Doel wie om dy te plantsjen en de jirpels dy't der oan groeie te skinken oan de voedselbank. Dat wie woansdei dus op de Tankdei. Yn de praktyk wurke dy opset net hielendal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)