Soad jild op donaasjeplatfoarm

23 okt 2013 - 14:19

By it online donaasjeplatfoarm Dream or Donate is yn 36 oeren tiid al hûnderten euro's binnenkaam foar de slachtoffers fan de grutte brân yn Ljouwert. Dat seit inisjatyfnimmer Robert-Jan Masterbroek. By de aksje 058helpt wurdt allegear guod oanbean foar minsken dy't alles kwytrekke binne. Mar neffens Mastenbroek is der ek ferlet fan jild. Der moat faak borch betelle wurde foar nije hierwenten en fersekeringen dekke faak net alle skea.

Dream or Donate wol it offisjele ynsammelpunt wêze foar alle finansjele ynsammelaksjes foar de slachtoffers en de mooglike werbou fan de gebouwen dy't ferlern gien binne by de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)