Soad jild foar Harmsmaskoalle?

08 feb 2003 - 00:00

De Boargemaster Harmsmaskoalle fan De Gerdyk kriget 3,6 miljoen euro fan de gemeente Opsterlân foar nijbou en ferbou, as it oan B en W leit. De VMBO-skoalle wurdt oanpast oan in nije foarm fan lesjaan. Dêrby krije learlingen mear praktykûnderwiis.

De gemeente hie in ûndersyk ynsteld nei de takomst fan 'e skoalle en dat pakt geunstich út. De gemeentried moat noch wol akkoart gean mei de bydrage fan 3,6 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)