Soad ID-ers krije gjin oare baan

09 maaie 2003 - 00:00

De helte fan alle ID-ers yn it Noarden dy't har baan kwytreitsje, krije dêr gjin oare baan foar werom. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it FNV. Hast 450 minsken binne út har subsidiearre baan set sûnt de besunigings fan begjin dit jier.

Mar 100 dêrfan ha in reguliere baan krigen. De rest is wurkleas of hat in oare ID- of WIW-baan krigen. Yn it Noarden binne de sifers slimmer as yn de rest fan it lân, neffens it FNV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)