Soad huzen sloopt yn Frjentsjer

13 nov 2003 - 00:00

Mear as hûndert bewenners fan de professoarebuert yn Frjentsjer moatte har hûs út om't dat yn sloopt wurdt. Fan de 210 hierhuzen yn de wyk wurdt de helte ferfongen troch sawat 90 nije keap- en hierwenten.

Foar de oanbelangjende bewenners sil op in oar plak yn Frjentsjer plak socht wurde moatte. Sy ha in brief krigen fan de Wenningstichting. Yn 2006 sil mei de sloop út ein set wurde. Net alle bewenners binne it iens mei de sloop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)