Soad hûzen net op tiid klear

25 apr 2002 - 00:00

Hieltyd mear minsken dy't in hûs bouwe litte, wurde de dupe fan de boustakings. Dizze wike hat de feriening Eigen Huis 300 meldings krigen fan partikulieren. Dy kleie dat harren wenten net op tiid oplevere wurde.

Dêrtroch moatte guon dupearren ferfangende wenrûmte sykje. Ek út Fryslân, benammen út It Hearrenfean, komme klachten. De boustakings duorje al 25 dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)