Soad húslik geweld yn Fryslân

13 jan 2011 - 17:15

It komt yn Fryslân hieltyd faker foar dat partners húsgenoaten mishannelje. Ferline jier wiene der 2400 gefallen fan húslik geweld. In soarchlike ûntwikkeling, sa fynt de plysje. Húslik geweld komt yn Fryslan faker foar as geweld op strjitte, sa docht bliken út sifers.

Mear as hûndert kear is der in húsferbod oplein, hast twa kear safolle as it jier dêrfoar. By in húsferbod mei de geweldpleger op syn minst tsien dagen net mear thúskomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)