Soad houteksters yn Fryslân

26 okt 2010 - 17:32

Nederlân wurdt bedobbe ûnder houteksters ofwol Flaamske Gaaien yn it Hollânsk. Dat meldt Sovon Vogelonderzoek. Ek by Fryske telstasjons binne se al sjoen. It swiertepunt fan de ynvaazje leit lykwols yn Súd-Nederlân.

It giet nei alle gedachten om tusken de 80.000 en 110.000 fûgels. Guon fleane troch oant de Waadkust, mar se ha mar in hekel oan wetter dus dan ferspriede se har. En dat is krekt wat der no yn Fryslân liket te barren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)