Soad hout foar Spikerdoarp

14 okt 2008 - 15:40

It Spikerdoarp yn Drachten wurdt oerladen mei hout. In moanne lyn drige it Spikerdoarp yn de knipe te kommen, omdat der gjin hout mear op foarried wie. Nei in needgjalp yn de media krige it projekt fan alle kanten oanbiedingen.

De Drachtster bedriuwen Pontmeyer en Woodpacker hawwe in grutte fracht hout brocht, mar ek fan partikulieren krigen de Drachtster huttebouwers nije foarried. Ek foar de takomst is nij hout yn it foarútsjoch steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)