Soad himp yn hûs Easterwâlde

11 jan 2013 - 15:24
  • It hûs fan Eker yn Easterwâlde dêr't de sjitterij plakfûn

Yn it hûs, dêr't earder dizze wike in deade man(51) yn de tún fûn waard, hat de plysje in soad himp oantroffen yn plastik pûden. It is net dúdlik wat de relaasje mei de gewelddiedige dea fan de man krekt is, mar it is neffens de plysje wol sa dat drugshannel en swiere kriminaliteit faak oan inoar relateard binne.

Ek út it buertûndersyk waard dizze wike dúdlik dat de ferstoarne Easterwâldster him dwaande hâlden hat mei weedhannel. It hûs oan de Hooge Esch wurdt freed wer frijjûn. Freed wurdt ek bepaald oft de fertochte fêstsitten bliuwt.

Tritich resjersjeurs wurkje oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)