Soad gymnasiasten dogge mei oan wiskunde-olympiade

26 jan 2016 - 06:02

Op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert dogge hieltyd mear learlingen mei oan de wiskunde-olympiade. Se meie sels kieze oft se meidogge. En dit jier binne der mar leafst 270 learlingen dy't wol wolle. Dat is hast de helte fan de skoalle en folle mear as de ôfrûne jierren. Neffens wiskundedosinte Teresa Hallman komt dat omdat de dosinten sa entûsjast binne oer wiskunde.

De wiskunde-olympiade is net in gewoane wiskundetoets. De bern hoege der net foar te studearjen. Se moatte foaral ynsicht ha, en witte welke formule se brûke kinne.

It moat allegearre út de holle, in rekkenmasine mei by de wiskunde-olympiade net brûkt wurde. It ôfrûne jier wiene der mear as tsien bern fan it Stedelijk Gymnasium dy't trochgiene nei de regiofinale fan de wiskunde-olympiade; ien fan de learlingen helle de lanlike finale. Frou Hallman is dêr wiis mei, mar se hopet dat dit jier mear gymnasiasten dy finale helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)