Soad gebouwen net brânfeilich

02 jun 2008 - 16:03

Hast de helte fan ´e grutte gebouwen yn Ljouwert moat brânfeiliger makke wurde. Dat docht bliken út in stekproef dy´t de gemeente Ljouwert dien hat nei oanlieding fan de brân yn winkelsintrum Bilgaard yn augustus 2004. It fjoer fersprate him doe troch in brânûnfeilige konstruksje yn it plafond.

De gemeente wol witte oft dy mear brûkt is. 19 fan de 40 ûndersochte gebouwen fertoane middelswiere mankeminten, mar gjin akút gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)