Soad fuotballers sûnder pas

09 sep 2011 - 12:47

Hûnderten fuotballers yn Fryslân hawwe noch hieltyd gjin nije spilerspas. Sûnder dy pas meie se gjin wedstriden spylje. De pas moast dit seizoen fernijd wêze, mar by in soad klubs is dat noch net by elk lid bard. By fuotbalclub FVC jildt dat foar sa'n tweintich spilers. Neffens FVC kinne de wedstriden wol trochgean.

De Fryske fuotbalklups rûze dat mei-inoar sa'n tsien persint fan alle fuotballers noch gjin nije spilerspas hat. De kompetysjes begjinne sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)