Soad Fryske jeugdsoarchamtners

07 des 2005 - 17:28

De provinsje Fryslân hat yn ferhâlding folle mear amtners Jeugdzorg as oare provinsjes. Dat konstatearret de Jeugdsoarchbrigade yn syn rapportaazje. De brigade hat as doel de burokrasy yn de jeugdsoarch werom te bringen sadat der effisjinter wurke wurde kin.

De SGP/Christen Unie fraksje wol graach witte wêrom't yn Fryslân safolle mear amtners wurksum binne yn de jeugdsoarch. De steaten sille der 14 desimber oer te set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)