Soad Fryske boaten stellen

04 maaie 2011 - 17:14

Fryslân stiet op it twadde plak as it giet om stellen boaten en motors. Dat meldt it Korps Landelijke Politiediensten. Yn Amsterdam wurdt it measte stellen yn de wettersport, dêrnei komt Fryslân. Yn 2010 waarden der 134 boaten en 350 bûtenboardmotors stellen. It giet foaral om lytsere boaten. De measte boaten wurde stellen yn Ljouwert en Snits.

In soad boaten krije al in systeem oan board dêr't de boat mei opspoard wurde kin. Fersekeraars easkje dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)