Soad Friezen yn de skulden

28 apr 2011 - 16:11

It tal Friezen dat mei skulden oankloppet by de Kredietbank is yn 2010 mei 15% omheech gien. Yn 2009 fregen 2000 minsken om finansjele help, in jier letter binne dêr 300 bykaam. Mei dizze sifers docht Fryslân it folle better as it lanlik gemiddelde, dat is 40%.

Neffens Jaarsma fan de Kredietbank Nederland komt dat foaral, omdat Friezen minder hege finansjele ferplichtings oangean en dus minder in berop hoege te dwaan op de Kredietbank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)