Soad Friezen nei EK turnjen

05 apr 2006 - 11:40

Epke en Herre Zonderland fan de Lemmer binne selektearre foar it Europeesk Kampioenskip turnjen. Ek Jeroen Hardon en Tim Smeets dogge mei. Hardon turnet op It Hearrenfean. Smeets hat syn hiele oplieding dêr hân. Wrâldkampioen ringen, Yuri van Gelder, is it fiifde lid fan de seleksje. By de junioaren is Arjen Butter fan it Fean selektearre. It EK foar manlju wurdt fan 4 oant 7 maaie hâlden yn Grikelân. Oan it EK foar froulju dogge gjin Friezen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)