Soad Friezen nei CDA-kongres

30 sep 2010 - 12:36

Hieltyd mear Friezen jouwe oan dat se sneon nei it CDA-kongres wolle yn de Rijnhal yn Arnhem. De partijleden meie har dêr útsprekke oer it regear- en gedoochakkoart mei de VVD en PVV.

De CDA-Twadde-keamerfraksje prate woansdeitenacht oant hiel let, mar in ienriedich stânpunt kaam der net. De keamerfraksje wol no de útslach fan it kongres ôfwachtsje. De útslach fan it kongres sil hiel swier wage, sa hat de fraksje ôfpraat. De partij is dúdlik ferdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)