Soad fragen op ynfojûn oer takomst sikehûs De Sionsberg

05 jan 2015 - 22:58
  • Drokte by ynfojûn de Sionsberg

Der binne noch in soad fragen oer it fallisemint en de takomst fan sikehûs De Sionsberg. Dat die moandeitejûn bliken op de earste ynformaasjegearkomste oer de Sionsbergdei op 17 jannewaris.

De bedoeling is dat bewenners, soarchferlieners en oare belutsenen in plan meitsje foar de takomst fan it sikehûs. It ramt fan dat plan leit fêst, ek al om't de finânsjes beheind binne. Net alle winsken kinne honorearre wurde, mar it moat dochs in plan fan de befolking wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)