Soad fragen oer Thialf

13 feb 2012 - 23:08

Der bin noch in soad fragen oer de nijbouplannen foar Thialf. Moandeitejûn wie op It Hearrenfean de earste fan twa gearkomsten fan saakkundigen oer de takomst fan it iisstadion. Riedsleden krigen de kâns harren nochris goed ynformearje te litten oer de trije farianten der't se út kieze kinne: Nijbou by it Abe Lenstrastadion, in djoere of in goedkeape ferbouwing fan it âlde stadion.

Der kamen benammen in soad fragen oer de foardielen fan in nij stadion. Der wie ek ûndúdlikens oer oft tasizzings oer de enerzjysunigens wiermakke wurde kinne.

Ynkoarten nimt de polityk in beslút oer de takomst fan it iisstadion. De steaten bin as earste oan set. Dêr liket in mearderheid te kommen foar in ferbouwing fan it besteande iisstadion Thialf. De ried nimt op 5 maart in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)