Soad fragen oer sjitpartij

10 jan 2013 - 12:16
  • It hûs fan Eker yn Easterwâlde dêr't de sjitterij plakfûn

De plysje hat noch in soad fragen oer de krekte tadracht fan de sjitpartij woansdeitemiddei yn Easterwâlde. In 51-jierrige man út it doarp waard deasketten yn de tún fan in hûs oan de Hooge Esch. Koart dêrnei waarden trije minsken oanhâlden. Ien man sit fêst, de beide oare minsken waarden frijlitten neidat bliken dien hie dat se neat mei it misdriuw te krijen hân hiene. De plysje is drok dwaande mei it ûndersyk. Yntusken hâldt de sjitpartij de buert ek bot dwaande.

It is yn tsien jier tiid al de fjirde moard yn Easterwâlde en omkriten. De gemeente wol mei justysje besjen oft der in ferbân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)