Soad fragen oer regels soarch

28 feb 2014 - 07:11

Alderen hawwe in soad fragen oer de nije wetjouwing yn de soarch. Dat docht bliken út in enkête fan soarchorganisaasje Sûnenz. Mear as tûzen 55-plussers yn Súdeast-Fryslân hawwe ein ferline jier meidien oan de enkête mei fragen oer fitaal âlder wurde.

De útkomsten foarmje de basis foar it ûntwikkeljen fan nije aktiviteiten foar en troch senioaren yn de regio. Mei de takomstplannen fan it regear omde âlderein langer thús wenje te litten, wol Sûnenz graach witte wat âlderen misse om noflik thús wenje te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)