Soad fragen oer nije lienstelsel foar studinten

14 feb 2015 - 14:27
  • Iepen dei op Van Hall Larenstein

De hegeskoallen yn Ljouwert hâlde sneon iepen dei. Dat is earder as yn foargeande jieren, en dat hat alles te krijen mei it nije lienstelsel. Studinten moatte harren dêrtroch earder oanmelde.

De nije studinten hawwe in protte fragen oer feroarings yn de stúdzjefinansiering. Dêr wie spesjaal ien fan de DUO foar kaam dy't oanjaan koe wat de finansjele konsekwinsjes binne. DUO is de oerheidsynstânsje dy't ûnder oare de stúdzjefinansiering regelet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)