Soad fragen oer gryp en koarts

03 jul 2009 - 12:34
  • GGD Fryslân

Friezen dy't mei fakânsje geane nei it bûtenlân hawwe in soad fragen oer de Meksikaanske_gryp en yn lytsere mate ek oer de Q-koarts. Dat fernimt de GGD Fryslân, foaral ek no't de simmerfakânsjeperioade begûn is.

Dêrtroch is it by de sprekoeren fan faksinaasjes wer wat drokker as oars. It is lykwols net mooglik om troch ynintsjen de Meksikaanske gryp foar te kommen. Wol kinne minsken faak en goed de hannen waskje en papieren bûsdoekjes brûke by it snuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)