Soad fragen oer grûndelgong

09 des 2009 - 22:55
  • In soad minsken meitsje har soargen oer de grûndelgong

Minsken yn Frjentsjer en omkriten koene woansdeitejûn alles freegje oer de grûndelgong troch de gaswinning. Yn it gemeentehûs stie in legerke saakkundingen klear om minsken te wurd te stean. Lykas fan it Staatstoezicht op de Mijnen en Wetterskip Fryslân.

De gaswinning tusken Frjentsjer en Harns leit stil sûnt de simmer fan 2008, omdat de grûn dêr wol tsien sintimeter mear sakket is as tocht. De measte fragen giene oer de skea, en hoe't dy it bêste ferhelle wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)