Soad fraach yn bûtenlân nei sporthynders

23 feb 2015 - 16:23

De eksport fan Nederlânske sporthynders nimt ta. Der is in soad fraach nei sokke hynders en dêrom gean de prizen omheech. De Nederlânske fokkers ferhannelje foar 200 miljoen euro yn it jier nei Amearika en oare parten yn de wrâld, lykas Sina. It giet om hynders dy't goed binne yn de spring- en dressuersport, de saneamde KWPN'ners fan it Koninklijk Warmbloedig Paardenstamboek Nederland. De achthûndert Fryske fokkers eksportearje mei-inoar foar 70 miljoen euro. As in hynder goed prestearret, wurde der tonnen foar betelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)