Soad fraach nei redens

30 nov 2010 - 22:30

Op De Jouwer is it op 't heden tige drok by it Zandstrafabryk. Moandei kamen in soad winkeleigners nei it fabryk om de foarried redens oan te foljen. De meiwurkers binne yntusken ophâlden mei de produksje en allinnich noch mar dwaande mei de ferkeap.

Guon modellen en maten binne no hast al net mear te krijen. Foaral maat 38 giet hurd. Der wurde lykwols pas wer redens bymakke wannear't it wer teiwaar is. Zandstra krijt in soad fraach nei klapredens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)