Soad fraach nei Oranje-flaggen

06 jul 2010 - 17:06

De Dokkumer Vlaggen Centrale wurdt plat belle troch minsken dy't in oranje kampioensflagge bestelle wolle. Der binne al twatûzen flaggen besteld, neidat moandeitemiddei de produksje fan de flagge los gie. Op de flage stiet "Holland kampioen" en no't Oranje troch de winst op Uruguay de finale helle hat, is dy titel wer in stikje tichterby.

De direksje giet der fan út dat der mei-elkoar sa'n fiif tûzen flaggen ferkocht wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)