Soad fraach nei Grykse flaggen

22 jul 2004 - 14:23

De Dokkumer Flaggesintrale draait op 't heden op folle toeren foar de Griken. Sûnt de Griken begjin july Europeesk fuotbalkampioen waarden, is de fraach nei de Grykse flagge bot tanaam. De Olympyske Spelen dy't dizze simmer yn de Grykse haadstêd Athene hâlden wurde, soargje ek foar in soad drokte.

Mei-elkoar binne dêr 30 tûzen nasjonale flaggen besteld. Al dy flaggen by-elkoar ha in lingte fan 21 kilometer en weagje goed 5 tûzen kilo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)