Soad folk by útfeart Poortema

23 jan 2008 - 14:08
  • Poortema waard mei beheinde militêre eare te hôf brocht

Yn Drylts kamen woansdei sa'n 700 minsken ôf op de útfeart fan korporaal Aldert Poortema. Poortema kaam oerdel wike lyn by in fjoergefjocht om it libben yn Uruzgan, Afganistan. Hy wie 22 jier. Foar de begraffenis is it sintrum fan Drylts ôfsletten foar it ferkear.

Poortema wurdt mei beheinde militêre eare te hôf brocht. Hy wurdt droegen troch 8 militêren en der is ek in earehaach fan hûndert man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)