Soad folk by tsjinst Raard

06 jan 2013 - 09:30

De spesjale tsjinst yn de Marthatsjerke yn Raard lûkt snein sa'n 400 minsken lutsen. Sneon is der in tinte pleatst om alle besikers plak te jaan. De 200 plakken yn tsjerke wiene allegear beset. Yn de tinte kin de tsjinst folge wurde mei in fideoferbining. Dêr wiene nochris twahûndert minsken.

Yn de tsjinst waard omtinken jûn oan de slachtoffers fan it ûngelok yn de âldjiersnacht. In frou ried doe yn op de minsken dy't nei it âldjiersfjoer seagen. Der rekken santjin minsken ferwûne; ien fan harren kaam letter te ferstjerren.

Der lizze noch twa minsken yn it sikehûs, yn Grins en Ljouwert. Yn beide gefallen giet it om slachtoffers mei komplisearre botbreuken. De tsjinst begûn om healwei tsienen. Nei ôfrin is der romte foar de tsjerkegongers om nei te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)