Soad folk by Swarte Cross

15 aug 2010 - 13:43
  • In auto beklaaid mei blikjes

Yn Blije kamen ôfrûne sneon hûnderten minsken nei de Swarte Cross. Dy waard hâlden yn in stik lân, in eintsje bûten it doarp. Jierrenlang hat dat in yllegaal evenemint west yn Noard-Fryslân, mar sûnt trije jier giet it neffens de regels.

Der giet in soad tiid en wurk yn sitten om alles legaal te dwaan. Der moatte in soad fergunningen oanfrege wurde en de feiligens moat ek goed wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)