Soad folk by Sneker Simmer

01 aug 2011 - 10:11
  • Foto: Henk Bootsma

Fiiftûzen minsken ha sneon by it Sneker Simmer iepenloftkonsert west. Op it terrein is plak foar 3500 minsken. Omdat guon minsken net de hiele foastelling op it terrein bleaunen, koene nije minsken wer talitten wurde. Dêr waard streng op tasjoen troch de gemeente Súdwest-Fryslân en de plysje.

Neffens de organisaasje ferrûn it konsert rêstich en sûnder problemen. Hichtpunt fan de jûn wie it Pink Project dy't The Walle live spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)