Soad folk by peaskefjoer

20 apr 2014 - 22:44

Op in in hiel soad plakken yn Fryslân, mar ek dêr bûten, binne peaskefjoeren oanstutsen. En dat wie ek goed te rûken. Yn Aldeholtpea wie de bulte hout grutter as oars en dat hie noch te krijen mei de stoarm fan oktober ferline jier. Dy stoarm hat in soad hout opsmiten. It wie noch wol eefkes spannend oft de bulte oanstutsen wurde koe, want der stie behoarlik wat wyn en de reek soe oer it doarp komme. Mar dat foel allegearre ta en eefkes nei acht oere sette it feest útein. Der kamen hûnderten minsken ôf op dit peaskefjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)