Soad folk op Wiersmaútstalling

22 jun 2013 - 12:27
  • Brantgum
  • Wurk van Ids Wiersma

Mear as 1400 besikers hawwe al by de Ids Wiersma eksposyje yn Brantgum west. Dat makket de eksposyje oer de keunstner út Brantgum ta in grut súkses. De eksposyje yn doarpshûs de Terpring is in earbetoan oan de 135e bertedei fan de Brantgumer. Dit wykein is ek de lêste mooglikheid om de etsen, akwarellen en tekeningen te besjen.

Dan geane de keunstwurken wer nei de eigeners werom. Doarpshûsfoarsitter Joop Dammers hopet dit wykein noch de 2000e besiker te begroetsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)